Advisory Committee nei Fryslân

22 feb 2009 - 13:00

No woansdei komt it Advisory Committee fan de Ried fan Europa nei Ljouwert. De taak fan it Advisory Committee is it hifkjen yn hoefier't Nederlân foldocht oan de ferplichtings fan it Europeesk Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden.

De Friezen binne as iennichste nasjonale minderheid ûnder dit ferdrach erkend. It ramtferdrach giet benammen oer minskerjochten en antydiskriminaasje. Woansdei wurde organisaasjes hifke oer dizze tematyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)