Rjochtsaak oer aaisykjen

22 feb 2009 - 12:41

Yn de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet moandei de rjochtsaak oer it ljipaaisykjen. De Faunabeskerming stapt opnij nei de rjochter om in ferbod op it oppakken fan de aaien te easkjen. De organisaasje fynt de kontrôle net goed genôch.

Aaisikers moatte fan dit jier ôf in mobyl meinimme as se it fjild yngean. Alle fynsten moatte mei in sms trochstjoerd wurde. As der 7000 aaien fûn binne, krije alle sikers in sms dat it seizoen foarby is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)