Rút fan borrelbus ynslein

22 feb 2009 - 12:23

In Ljouwerter (20) is yn de nacht nei snein yn Berltsum oanholden om't er in rút fan de borrelbus ynslein hie. De borrelbus rydt stappers fan de diskoteek nei hûs. Surveillearjende plysjes seagen de bus mei de alarmljochten oan by in tankstasjon.

By in kontrôle die bliken dat de 20-jierrige Ljouwerter, passazjier fan de bus, it rút mei in needhammer ynslein hie. De man is oanholden en oerbrocht nei it plysjeburo. Nei ferhear en in proses-ferbaal mocht er wer nei hûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)