Pieter Weening 3e yn Amearika

Pieter Weening is sneon yn de sânde etappe fan de Ronde fan Californië tredde wurden. Yn dizze foarlêste rit oer 143 km ûntstie nei krapoan 60 km op de Millcreek-klim in sterke kopgroep fan tsien man. Pieter hie selskip fan bygelyks Frank Schleck, George Hincapie en Martin Elmiger.
Op trije kilometer foar de ein sette Weening oan. Hy krige twa man mei: Hayden Roulston en Rinaldo Nocentini. De Italiaan Nocentini wûn de sprint, krekt foar Roulston en Pieter Weening.