Bern út Wyt-Ruslân yn Stiens

De bern komme út de bus
In groep bern út Wyt-Ruslân soe ferline jier oktober al nei gastgesinnen yn Stiens gean. Mar it regear fan Wyt-Ruslân joech dêr lange tiid gjin tastimming foar.
De bern mochten noch dochs gean. De frijwilligers fan de stifting Rusland Kinderhulp yn Stiens jouwe de bern ûnderdak en fersoarging. Ek wurde der spesjale aktiviteiten foar de groep organisearre. Mar de bern krije ek alle dagen gewoan les fan in tal leararen dy't meireizge binne.