Nauta goud op 3 km en 2e op WK

21 feb 2009 - 16:55

Yvonne Nauta hat op de lêste ôfstân, de 3000 meter, op it wrâldkampioenskip reedriden foar junioaren de gouden medalje wûn. De reedrydster fan Twellingea ried op de iepen baan fan Zakopane 4.21,54. Park fan Korea waard twadde, Roxanne van Hemert tredde.

Yvonne Nauta einige yn it einklassemint op it twadde plak, achter har lângenoate Roxanne van Hemert. De Tsjechyske Karolina Ebanova, in konkurrint foar it poadium waard op de 3 km diskwalifisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)