Man oerfallen yn Nijehaske

© Omrop Fryslân
In man (32) út Drylts is sneontemoarn oerfallen yn Nijehaske. De man rûn om in oere as 07.30 fan syn auto nei de yngong fan in bedriuw op it Businesspark Fryslân. Underweis waard er fan achteren fêstpakt en frege ien him yn it Ingelsk om jild.
De man koe him losmeitsje en nei it bedriuw ta rinne. Dêr belle er fuortdaliks 112. Under it petear seach er dat er yn syn skonk stutsen wie. De man is mei de ambulânse nei it sikehûs oerbrocht.