Man oanholden yn Berltsum

21 feb 2009 - 15:31

De plysje hat yn de nacht nei sneon yn Berltsum in man (19) út Sint Anne oanholden op fertinking fan fernieling. Hy soe by in wenning oan de Túnboustrjitte in rút ynslein ha. De plysje koe de man folgje troch de bloedspoaren dy't er efterliet.

Efkes letter kaam der in melding binnen dat der op de Bûterhoeke in famke mishannele wie. It gie om deselde man. Hy hie it famke (17) út Alde Leije samar beetpakt en op de grûn smiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)