Plysje hâldt eksekúsje-aksje

© Omrop Fryslân
De plysje Fryslân hat sneon mear as 12.000 euro oan efterstallige boetes bard by in grutte eksekúsje-aksje. Dêrby waarden ek tritich minsken oanholden dy't mei-inoar noch 700 dagen sel iepenstean hiene.
By in eksekúsje-aksje wurde minsken opsocht dy't noch in finzenisstraf útsitte moatte of har boetes noch hieltyd net betelle ha. Yn gearwurking mei kollega's út Grinslân en Drinte besocht de plysje yn totaal 180 wenningen fan feroardielden.