Yvonne Nauta 3e nei 1000 meter

21 feb 2009 - 13:17

Yvonne Nauta is nei de 1000 meter op it wrâldkampioenskip reedriden yn it Poalske Zakopane fan it twadde nei it tredde plak sakke. De reedrydster fan Twellingea waard sechsde op de 1000 meter yn 1.22.15. Klassemintsliedster Roxanne van Hemert wûn de ôfstân yn 1.20.55.

Op de ôfslutende 3000 meter moat Yvonne Nauta krapoan twa tellen goed meitsje op de nûmer twa, de Tsjechyske Karolina Erbanova. De achterstân op Van Hemert is hast tolve sekonden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)