Loads Nijbrêge útbaarnd

In loads yn Nijbrêge is yn de nacht nei sneon troch in útslaande brân ferlern gong. De romte wie as wurkpleats yn gebrûk troch licht ferstanlik handikapten. De loads hie in dak fan asbest en dat kaam frij by de brân.
De brân waard dêrom ek opskaald nei in grutte brân. Yn in hûs tichtby sieten noch tolve minsken. In evakuaasje hie net maklik west omdat it oan in dearinnend paad lei. De minsken hoegden lykwols net fuort.