Ferlies Flyers yn Nijmegen

20 feb 2009 - 23:00

De Hajé Flyers ha freedtejûn de earste wedstriid yn de play-offs tsjin Nijmegen mei 4-2 ferlern. Yn de earste perioade bleau it 0-0. Yn de twadde kaam thúsploech Nijmegen op foarsprong, mar Travis Chapman luts foar de Flyers de stân yn it lykwicht.

Yn de tredde perioade makke Nijmegen dien wurk. Trije skoares op rige sette de stân op 4-1. Michael Nason makke krekt foar de ein 4-2. Sneontejûn is de twadde wedstriid op It Fean. By ferlies binne de Flyers útspile.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)