Drege oerwinning SC Cambuur

20 feb 2009 - 22:55

Sportklub_Cambuur hat freedtejûn in drege oerwinning behelle op FC Omniworld. Yn it eigen stadion waard mei 2-0 wûn. Benammen yn de earste helte hie Cambuur it dreech mei de ferdigenjende ynstelling fan Omniworld.

Yn de twadde helte spile de ploech fan trainer Stanley Menzo yn in heger tempo. Dat late ta twa goals fan spits Ruud_ter_Heide binnen trije minuten. Cambuur bliuwt op it tredde plak stean yn de Jupiler League, tsien punten achter koprinner VVV Venlo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)