Elma de Vries wint Alkmaar

Elma de Vries (foto: Martin de Jong)
Elma_de_Vries hat freedtejûn de alfde maraton om de KNSB Cup wûn. Yn Alkmaar wie se de rapste yn de massasprint. De âld-ynwenster fan De Haule wie de ôfrûne twa dagen twa kear twadde wurden achter de Amerikaanske Chris_Witty. Dy waard no tredde, Carla_Zielman twadde en Maria_Sterk fiifde.
Elma_de_Vries hat troch har sechsde oerwinning yn de KNSB Cup no 243,6 punten. Har ploechgenoate Maria_Sterk is twadde mei 200,2. Sneon wurdt der riden yn Haarlem, snein yn Hoorn.