Plysje docht berop op tsjûgen

© Omrop Fryslân
De plysje docht op 'e nij in berop op tsjûgen fan de oerfal ôfrûne moandei op in winkel oan de Waachshaven yn Grou. De plysje is foaral op siik nei de persoan dy't in melding dien hat fia Meld Misdaad Anoniem. Hy of sy kin in wichtige bydrage leverje oan it ûndersyk, seit de plysje.
Moandei kaam om fjouwer oere middeis in man de winkel yn. Hy bedrige in meiwurkster mei in mes en easke jild. Doe't er dat krigen hie, naaide er út. De man hie in swart zorromasker op.