Jacobi nei Amearika foar JSF

Jacobi sil spesjaal acht slaan op it leven fan de JSF
It Fryske Twaddekeamerlid Lutz Jacobi is taheakke oan de Nederlânske delegaasje dy't takom wike nei Amearika giet, nei fleanmasinebouwer Lockheed Martin.
Lockheed (yn Texas) is leveransier fan de Joint Strike Fighter. Dat is de fleanmasine dy't definsje oanskaffe wol as ferfanging fan de F16. Benammen yn Fryslân bestiet in soad soarch oer it leven dat de JSF makket. Lutz Jacobi sil dêr spesjaal om tinke, nije wike.