Fûgelhelling ferboud

20 feb 2009 - 13:54

De Fûgelhelling yn Oerterp kin wer jierren foarút. It fûgelopfangsintrum is behoarlik ferboud. Der binne mear hokken by kommen en de houtene koaien yn de sikeboech binne ferfongen troch guon fan polyester.

De Fûgelhelling wie nei in aardich tal jierren wer oan in ferbouwing ta. De ferbouwing hat in jier duorre en sa´n 20.000 euro koste. It grutste part dêrfan is betelle út fûnsen en troch partikulieren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)