Ungelok mei bus út Sigerswâld

20 feb 2009 - 10:34
  • Gjin ferwûnen mar wol skea oan de bus

In bus fan Wiebenga Reizen út Sigerswâld is tongersdeitenacht yn Dútslân belutsen rekke by in kettingbotsing. De 50 ynsittenden, leden fan in muzykkorps út Mearum, rekken net ferwûne. De bus rekke skansearre en mooglik is der ek skea oan de ynstruminten.

It ûngelok barde by Würzburg. Yn in fûle sniebui rekke de frachtauto dy't foar de bus ried yn in slip. De bussjauffeur besocht de frachtauto te ûntwiken en bedarre yn de fangrail.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)