Personiel moandei bypraat

It nagelnije gemeentehûs fan Boarnsterhim
It personiel fan de gemeente Boarnsterhim wurdt moandei ynljochte oer it opstappen fan it kolleezje.
Foarsitter Krikke fan de ûndernimmingsried fan de gemeente hearde freed pas dat b. en w. harren funksje dellein hawwe, wylst it kolleezje dat tongersdei al bekend makke hat. Krikke is wat dat oanbelanget ûngelokkich mei de gong fan saken. Fierder neamt er it spitich dat it kolleezje opstapt is, mar hy hat der wol begryp foar.