Koartere wachtlisten soarch

19 feb 2009 - 21:56

Der wachten ferline jier minder jongeren op jeugdsoarch yn Fryslân as it jier dêrfoar. Wachten der begjin ferline jier noch hast 100 jongeren op soarch, begjin dit jier wiene dat der krekt wat mear as 60. Lanlik is it persintaazje jongeren dat wachtet in dikke tsien persint sakke.

Ferline jier sleaten de provinsjes in oerienkomst mei it Ministearje fan Jeugd en Gesin om de wachtlisten foar 1 jannewaris takom jier oan te pakken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)