Heale ton foar jubileum

© Omrop Fryslân
De gemeenten East- en Weststellingwerf stelle 50.000 euro beskikber foar it 700-jierrich bestean fan de Stellingwerven. Minsken kinne jild oanfreegje foar it organisearjen fan feestlike aktiviteiten.
In kommisje beoardielt wa't rjocht op de subsydzje hat. Sa krije allinnich de aktiviteiten dy't spesjaal foar it jubileum binne, jild. Minsken kinne de subsydzje oant ein maart oanfreegje.