Lemster boer fûn hingbúkswinen

19 feb 2009 - 20:08
  • In hingbúkswyn

De gemeente Lemsterlân en de Dierebeskerming sykje minsken dy't mear witte oer twa hingbúkswinen. De bisten waarden oardel wike ferlyn fûn op De Lemmer. Se kamen oanrinnen by in Lemster boer.

Wierskynlik binne de bisten dumpt yn it Kuinderbosk en dêrnei op siik gien nei iten en in beskûle plakje. Lemsterlân en de Dierebeskerming wolle witte wêr't de bisten weikomme. De hangbúkswinen bliuwe de kommende wiken by in boer yn de omjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)