Ekstra jild ûnderwiis Fryslân

Mear jild foar ûnderwiisachterstannen
Fryslân krijt ekstra jild fan it Ryk om de achterstannen yn it ûnderwiis op te lossen. Fan takom skoaljier ôf kin de provinsje rekenje op hast oardel miljoen euro ekstra per jier.
It jild giet nei basisskoallen mei in soad learlingen dy't in ûnderwiisachterstân hawwe. Skoallen kinne it jild brûke foar lytsere klassen, oare lesmetoaden of ekstra yntinsive begelieding foar de bern.