Oplichter langer fêst

© Omrop Fryslân
De Drachtster fertochte fan grutte fraude moat tsien dagen langer fêstsitten bliuwe fan 'e rjochter-kommissaris. De man waard oanhâlden op Skiphol nei't er him neffens ôfspraak by de plysje op it fleanfjild oanjûn hie. De Drachtster hâlde ta yn Tailân, mar wie weromkaam út dat lân.
Tsjin de man binne acht oanjeftes dien fan slimme finansjele beneidieling. It giet om in totaalbedrach fan sân ton. Boppedat hat er de SNS Bank oplicht by it sluten fan in hypoteek.