Soad ynskriuwings foar Liet

19 feb 2009 - 12:30

It is drok mei de ynskriuwings foar it Fryske sjongfestival Liet. De organisaasje hie rekkene op in stik as fjirtich, mar tsien dagen foar it sluten fan de ynskriuwingstermyn, binne der al mear as tritich. By mear as fyftich sil de sjuery him beriede.

Yn prinsipe kin elke band of sjonger meidwaan oan 'e foarrondes fan Liet. Dy binne yn april. Op 23 maaie is de finale fan Liet yn de Harmony yn Ljouwert. De winner mei meidwaan oan Liet ynternasjonaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)