De natuer yn foar doarpsfisy

Ynwenners fan Bakkefean gean de natuer yn om te ynventarisearjen wat der allegearre is. It doarp moat ynkoarten in nije doarpsfisy meitsje. Dêrby moatte de ynwenners oanjaan wat sy fan it lânskip om har hinne fine. Doel is dat de gemeente mei de oanbefellings fan 'e ynwenners rekken hâldt.
De oanpak yn Bakkefean is nij. As it súksesfol is, wol Lânskipsbehear Fryslân de metoade faker tapasse. Nijskoat docht meikoarten ek mei oan it projekt 'Thuis in het groen'.