Mear Friezen sykje wurk

19 feb 2009 - 10:44

Fryslân hat der de lêste moanne 1400 wurksykjenden by krige. Dat makke it UWV tongersdei bekend. Yn 'e trije noardlike provinsjes byelkoar is it tal wurksykjenden mei mear as 3500 groeid.

It tal wurksykjenden yn Fryslân is op dit stuit goed 19.000. Dat is wol minder as in jier ferlyn, trije prosint minder om krekt te wêzen. Dêr stiet foaroer dat der de lêste moanne in soad wurksykjenden bykaam binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)