Himpkwekerij op 'e Tynje

De plysje hat woansdei yn in hok achter in hûs oan 'e Breewei op 'e Tynje in himpkwekerij ûntdutsen. Der wie tip kaam op Meld Misdaad Anoniem oer de kwekerij. Yn it hok stiene 230 himpplanten. Yn it wenhûs trof de plysje ek noch in stellaazje oan foar it kweken fan stekjes fan himpplanten.
De apparatuer en de planten binne yn beslach naam. De plysje is noch op syk nei de eigner fan it hûs.