Swiere mishanneling Frjentsjer

© Omrop Fryslân
In 47-jierrige man út Frjentsjer is woansdeitejûn swier mishannele yn syn wenplak. Plysjes seagen de man bliedend foar syn hûs oan it Sint Martiniplantsoen lizzen. Hy wie mishannele troch twa manlju, sa die bliken.
Ien fertochte, in 30-jierrige ynwenner fan Frjentsjer, koe fuortendalik oppakt wurde. Hy sit fêst foar fierder ûndersyk. De twadde fertochte is noch net oanholden. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.