Burgum ûnderkalke mei graffity

Yn Burgum is opskuor ûntstien oer in spoar fan graffity en ferve op muorren en ruten. Yn it doarp binne skoallen, winkels, jiskefetten en buorden mei ferve en spuitbussen ûnderkalke. Mar ek guon partikulieren hawwe de letters op 'e ruten te stean. It giet om BGYB, oftewol Burgum Young Bloods.
De plysje hat moandeitejûn op siik west nei de dieders en nammen fan mooglike fertochten opskreaun. Der binne noch gjin oanhâldingen dien.