Ultrarinners troch Europa

18 feb 2009 - 07:06

De ultrarinners Ubel Dijk fan Drachten en Jenni de Groot fan Ljouwert dogge mei oan de Trans Europa Foot Race. Dat is in hurdrinwedstryd oer 4500 kilometer tusken it suden fan Italië nei de Noardkaap yn Noarwegen. De ôfstân wurdt ôflein yn 65 dagen.

De twa ultrarinners hawwe in soad ûnderfining mei it draven fan wedstriden. Sa diene se alris mei oan de Spartatlon, in race oer 246 kilometer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)