Brede skoalle Snits iepen

18 feb 2009 - 06:56

Goed in healjier letter as pland giet moandei de brede skoalle yn de Snitser wyk Dúnterpen iepen. Under oare troch it minne waar slagge it net dat direkt nei de simmerfakânsje te dwaan.

De 1200 bern dy't gebrûk meitsje fan it gebou moatte de kommende tiid noch wol rekken hâlde mei bou-aktiviteiten. Sa moat in diel fan it plein noch dien wurde en moatte der noch boarterstastellen pleatst wurde. Dat wurk moat ein maart klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)