SC Cambuur ferliest fan Zwolle

17 feb 2009 - 22:52

Sportklub_Cambuur hat tiisdeitejûn de thúswedstriid tsjin FC Zwolle mei 2-1 ferlern. Nei de earste helte stie der in 1-1 tuskenstân op it boerd, troch goals fan Bargas fan Zwolle en in benutte penalty fan Koen Brack.

Cambuur wie it grutste part fan de wedstriid de bettere ploech, mar Zwolle pakte de oerwinning troch in goal fan al wer Bargas. Zwolle pakt nei dizze oerwinning ek de titel yn de fjirde perioade en is dêrmei wis fan dielname oan de play-offs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)