Tûzen hûshâldens sûnder stroom

17 feb 2009 - 19:03

Tûzen húshâldens oan de noardwestkant fan Ljouwert ha tiisdei hast fjouwer oeren sûnder stroom sitten. By it Europaplein foel rûn healwei fiven de stroom út.

Ek de iishal, WTC Expo, hotels en restaurants sieten sûnder stroom. Even nei achten wie de steuring foarby. Earder op de dei foel de stroom op it westlik bedriuweterrein út troch in brantsje yn in trafohúske. Oft de steuring dêrmei te krijen hat, is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)