Museum wol mear besikers

17 feb 2009 - 14:08
  • Jopie Huismanmuseum krijt nije ynrjochting

De ekstra aktiviteiten dy't it Jopie Huismanmuseum yn Warkum ferline jier organisearre, hawwe aardich wat besikers opsmiten. De nije ynrjochting dêr't op dit stuit oan wurke wurdt moat lykwols foar noch folle mear ekstra minsken soargje.

It museum helle yn syn topjierren wol 120.000 besikers, yn 2007 wiene dat noch gjin 50.000. It museum tinkt dat dat benammen komt omdat minsken nei in pear besites wol útsjoen binne. Dêrom wurdt wurke oan in nije ynrjochting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)