Wegen mooglik earder oanlein

17 feb 2009 - 12:17

De provinsje wol de oanlis fan rotondes en oanpassings fan provinsjale diken nei foaren helje. Op it stuit wurdt besjoen om hokker projekten dat gean kin. Sa wol de provinsje de ekonomy stimulearje.

Tiisdei makke it Sintraal planburo de foarsizzings foar de ekonomy bekend. Dy sil kommend jier mei 3,5 persint krimpe. De wurkleazens sil oant 2010 groeie oant hast 9 persint. It kabinet stint op maatregels. Ien dêrfan is it earder oanlizzen fan nije diken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)