H'fean en Emmen wurkje gear

SC Hearrenfean en FC Emmen sille gearwurkje. It is de bedoeling dat jeugdteams fierder sille ûnder de namme Hearrenfean/FC Emmen. It giet om de teams fan de beloften oant en mei de B-junioaren. Tongersdei meitsje beide partijen yn it stadion fan Emmen bekend wat de gearwurking ynhâldt.
Neffens Emmen-direkteur Henk Eising giet it om in fiergeande gearwurking. Sa moat tocht wurde oan it útwikseljen fan spilers en it oprjochtsjen fan in fuotbalakademy.