Dubieuze brân yn kafee Dubio

17 feb 2009 - 11:23

De brânwacht fan Ljouwert is tiisdeitemoarn manmachtich útrukt foar in brânmelding yn kafee Dubio oan it Ruterskertier yn Ljouwert. Dêr hongen flinke reekwolken boppe. By oankomst die bliken dat dy reek net ôfkomstich wie fan in brân, mar út in reekmasine dy't spontaan oangien wie.

De brânwacht is sûnder yn aksje te kommen wer werom gien nei de kazerne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)