Gen-proeffjilden net geheim

17 feb 2009 - 10:57

De lokaasje fan proeffjilden mei genetysk oanpaste gewaaksen mei net geheim bliuwe. Dat hat it Europeesk Hof fan Justysje tiisdei bepaald. It argumint fan de Nederlânske oerheid foar geheimhâlding is dat aksjefierders de gewaaksen ferniele kinne.

It EU-Hof fynt lykwols dat de EU-rjochtline gjin romte lit foar in útsûndering fanwege iepenbiere oarder. De rjochters fine dat de lokaasje yn gjin inkel gefal fertroulik bliuwe mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)