Fryske Gea krijt gjin VSB-jild

16 feb 2009 - 22:29

It Fryske Gea is in wichtige jildsjitter kwytrekke. It VSB-fûns hat moandei bekendmakke gjin subsydzjes mear te jaan oan natoerprojekten. It fûns hat bot ferlern op syn oandielen yn Fortis Bank en moat besunigje.

Bydragen dy't earder tasein binne foar projekten krijt it Fryske Gea noch wol. It giet dan bygelyks om fjouwer ton foar it nije besikerssintrum de Alde Feanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)