Oefening leger yn alle stilte

De grutte oefening fan it ISTAR Bataljon yn Noard-Nederlân giet oant no ta - sa as ferwachte - yn alle stilte. It giet om in definsje-ienheid dy't ynformaasje siket oer ekstremisten en kriminelen. De oefening is 9 jannewaris begûn.
De 400 dielnimmers moatte mei de oefening ynformaasje efterhelje dy't neffens in draaiboek troch de lieding fan it bataljon ferspraat wurdt. Sa trasearje de militêren in sabeare drugsbaas yn Baflo yn Grinslân.