Toanielstik 100 jier Harmonie

16 feb 2009 - 21:09

Yn Sint Nyk binne 160 frijwilligers de kommende dagen drok dwaande mei de repetysjes fan in teaterstik oer it 100-jierrich bestean fan muzykferiening De Harmonie.

De feriening fiert it ieufeest net mei in resepsje of reuny, mar mei in toanielstik dêr't ek de pleatslike toanielferiening oan meidocht. Moandei wie de earste trochrin fan it stik. No freed is de premjêre en ek sneon wurdt it stik noch opfierd yn de Doniahal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)