SC Hearrenfean wol noch in Elm

Rasmus Elm
Sportklup Hearrenfean hat ynteresse yn it broerke fan Viktor_Elm. Neffens de Sweedske krante Fotbolls_Expressen folget Hearrenfean Rasmus_Elm. De 20-jierrige middenfjilder fan Kalmar_FF spilet de lêste twa seizoenen yn de basis by Kalmar, dat ferline seizoen kampioen waard fan Sweden.
Rasmus Elm hat oant no ta trije ynterlâns spile. Yn de lêste ynterlân tsjin Eastenryk makke er de 1-0. Ek FC Twente en AZ soene ynteresse yn Rasmus Elm hawwe.