'Lit popstudinten ôfstudearje'

De Akademy foar Popkultuer hat in spesjaal programma ynsteld om it tal ôfstudearders omheech te krijen by de oplieding ta muzikant. Fiif jier lyn binne tritich studinten oan de oplieding begûn, mar der binne oant no ta noch mar seis ôfstudearre.
De oplieding wurdt no ûndersocht troch in kommisje dy´t besjen sil of´t de oplieding ek akkrediteard wurde mei. De akademy wurdt noch net ôfrekkene op it tal ôfstudearders, mar oer in pear jier kin dat wol konsekwinsjes hawwe.