Wurk út Marokko foar KissTec

16 feb 2009 - 13:39

It bedriuw KissTec út Frjentsjer sil saneamde wettermakkers leverje foar de trije skippen fan 'e Marokkaanske marine. It giet hjir om apparatuer om fan seewetter drinkwetter te meitsjen.

Earder makke KissTec al wettermakkers foar de Nederlânske marine. It bedriuw út Frjentsjer is ek noch yn de einfaze foar in oarder út Sina. It giet hjir dan om in tal grutte skippen foar in Nederlânske opdrachtjouwer dy't yn Sina boud wurde. By de oarder út Marokko giet it om in pear euroton.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)