Thialf leit stadionferboden op

IIsstadion Thialf op It Hearrenfean hat dit wykein foar it earst yn de histoarje twa besikers in stadionferbod oplein. Sneon kaam in taskôger ûnder ynfloed fan drank it iis op en snein ferskynde nei de winst fan Sven Kramer op de 10 kilometer in man yn in bearepak op it iis.
De dronken man krige in ferbod foar de rest fan it seizoen. De man yn it bearepak, de 25-jierrige Oskar Bolhuis fan Amsterdam, mei ek takom seizoen net yn Thialf komme.