Fernielings yn moskee Drachten

16 feb 2009 - 10:58

By de moskee op de hoeke fan de Suderdwersfeart en De_Raai yn Drachten wurde de lêste tiid hieltyd faker ruten ynsmiten. Ofrûne freed is dat op ´e nij bard. Dat wie al foar de fjirde kear. Op dat stuit wiene der minsken yn de moskee, mar dy binne net ferwûne rekke.

It rút fan de moskee is fernield. It moskeebestjoer is fan doel om oanjefte te dwaan. De gemeente giet der foarearst fanút dat it in saak is fan fernieling en net fan rasisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)