Auto te wetter yn Ljouwert

Yn Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei tichtby de Frouwepoartsbrêge in auto te wetter rekke. De bestjoerder fan in BMW ferlear op ´e Bûterhoeke de macht oer it stjoer en kaam sa yn de grêft telâne.
Dûkers fan de brânwacht waarden ynskeakele, mar it slachtoffer wie al op eigen gelegenheid út de auto weikaam. Mei help fan in bergingsbedriuw is auto út it wetter helle.