Flyers ferlieze fan Geleen

De Hajé Flyers yn aksje (foto: Martin de Jong)
De Hajé Flyers ha sneintejûn de lêste reguliere kompetysjewedstriid fan Geleen ferlern. Op it eigen iis fan Thialf waard it 5-3 foar Geleen. De perioadestannen: 0-1, 0-2 en 3-2.
Troch it ferlies einigje de Flyers op it fiifde plak. Yn de earste play-off-wedstriden om it kampioenskip fan Nederlân is Nijmegen, de nûmer fjouwer, no de tsjinstanner. De ploech dy´t it earst twa wedstriden wint, spilet fierder. Nijmegen begjint no freed mei in thúswedstriid.