Groep oppakt foar mishanneling

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn seis persoanen oanholden dy´t yn Dokkum in meiwurker fan in útgeansgelegenheid mishannele ha. De meiwurker (45) hie earder op ´e jûn in man de saak útset dy´t sliepte oan de bar en spuid hie.
In pear minuten letter kamen der fjouwer manlju en twa froulju út Kollumersweach, Feanwâlden en Aldwâld de saak yn en pakten de meiwurker. Mei help fan kollega´s koe de man befrijd wurde. De plysje hold de groep letter oan yn in auto by Aldwâld.